Ga naar de inhoud

Ferfarren binnen of nei de gemeente

Ferfarre jo nei in (oar) adres binnen de gemeente Waadhoeke? Jou jo ferfarren op 'e tiid troch. Uterlik fiif dagen nei de datum fan ferfarren of maksimaal 4 wiken dêrfoar.

As jo ferfarre nei in adres dêr't al immen wennet, moatte jo by it melden fan it ferfarren ek bewize dat jo tastimming hawwe foar dat ferfarren.

  • Sûnder kosten.
  • Jo DigiD-ynlochkoade.
  • Tastimmingsferklearring as jo mearderjierrich binne en net de haadbewenner binne op jo nij adres.

Slagget it net om it formulier online yn te folje? Folje de skriftlike toestemmingsverklaring (pdf, 113 KB)  en stjoer dizze op nei:

Gemeente Waadhoeke
Postbus 58
8800 AB Franeker

  • De gemeente Waadhoeke jout jo nij adres automatysk troch oan oerheidsorganisaasjes lykas de belestingtsjinst, pinsjoenfûnsen.
  • Ferfarre jo út in oare gemeente wei nei Waadhoeke? Jo hoege jo nij adres net troch te jaan oan jo âlde gemeente. De gemeente Waadhoeke docht dat automatysk foar jo.
  • Jo kinne jo ferfarren trochjaan fan fjouwer wiken foar it ferfarren ôf, oant fiif dagen dêrnei. Jouwe jo it ferfarren letter troch? Dan is de datum dêr't jo it ferfarren op trochjouwe ek jo offisjele datum fan ferfarren.

Wa kin in ferfarren trochjaan?

  • Eltsenien fan 16 jier of âlder.
  • Ferfarren foar in oar trochjaan. Dat kin foar:
    • Jo minderjierrige bern, as jo de âlder, fâd of fersoarger binne.
    • Jo oarehelte of registrearre partner.
    • Jo mearderjierrich bern, as dat meiferfart.
    • Jo heit of mem, as dy meiferfart.
    • Immen dy't ûnder kuratele stiet, as jo kurator binne.
    • In pleegbern: as jo in zorgcontract hat. 

Tink der om! Jo kinne gjin ferfarren trochjaan fan bygelyks in freon of freondinne mei wa't jo tegearre wenje sûnder registrearre partnerskip. Dat kin allinnich dy persoan sels trochjaan.

Uw Reactie