Ga naar de inhoud

Identiteitskaart

Freegje jo identiteitskaart oan. Meitsje in ôfspraak en nei 5 wurkdagen leit jo ID-kaart klear. In ID-kaart kostet € 51,05 foar folwoeksenen. Mei in ID-kaart reizgje jo benammen binnen Europa.

Wat kostet it?

Identiteitskaart Kosten Jildigens
18 jier en âlder € 51,05 10 jier
Jonger as 18 jier € 29,05 5 jier
Haastoanfraach € 47,55 ekstra  

Wat hawwe jo nedich?

Binne jo 12 jier of âlder?

  • Alle paspoarten en IDkaarten dy't jo hawwe, ek as se ferrûn binne.
  • Pasfoto dy't foldocht oan de easken.
  • Kontant jild of pinpas.

Binne jo jonger as 12 jier?

  • Ynfolle en ûndertekene tastimmingsformulier fan beide âlden of fersoargers.
  • Orizjineel identiteitsbewiis fan beide âlden of fersoargers
  • Alle paspoarten en IDkaarten dy't jo hawwe, ek as se ferrûn binne.
  • Pasfoto dy't foldocht oan de easken.
  • Kontant jild of pinpas.

Handich om te witten

Flotter ID-kaart ûntfange

De oanfraach fan in ID-kaart duorret 5 wurkdagen. Hawwe jo flotter in ID-kaart nedich? Freegje oan de baly om in haastoanfraach. Jo krije dan binnen 2 wurkdagen in nije ID-kaart.

Lannen

Mei de ID-kaart reizgje jo nei de neikommende lannen.

Mei bern ûnderweis

Jo bern hat in eigen ID-kaart of identiteitsbewiis nedich om nei it bûtenlân te reizgjen. Jo en jo bern freegje de ID-kaart tegearre oan.

Reizgje jo mei in bern nei it bûtenlân? By de maresjaussee fine jo formulieren foar it reizgjen mei minderjierrigen.

Uw Reactie