Nomineare foar de tredde Taalpriis Waadhoeke!
Op 21 febrewaris wurdt de UNESCO Dei fan de Memmetaal hâlden. Dizze dei is yn it libben roppen om it ferskaat oan talen oer de hiele wrâld te fieren. En wa’t ferskaat oan talen seit, seit fansels Waadhoeke: mei neist it Nederlânsk ek it Frysk, Biltsk en Franekers is der yn dit lân gjin gemeente dy’t kwa taal sa ryk is as Waadhoeke. Dat fiere wy sûnt 2023 mei de Taalpriis Waadhoeke. Nominear no it beste or moaiste taalprojekt!
Om de eigen talen en taalrykdom yn it sintsje te setten, hâldt de gemeente op 21 febrewaris 2025 de tredde Taaldei. De earste Taalpriis Waadhoeke gong yn 2023 nei de makkers fan it Franeker Wurdboek; ferline jier wie de ear foar it Iepenloftspul fan Spannum. It nominearje foar de Taalpriis kin no wer begjinne! Hawwe jo as ûndernimmer in aksje hân dy’t mei ien fan de Waadhoekse talen te krijen hie? As bewenner op in bysûndere manier omtinken frege foar de eigen taal? Of as taalorganisaasje wat spesjaals dien om taal te promoaten?
Nominearje dan it projekt, it inisjatyf of de aksje. Wy sykje projekten of aksjes dy’t sichtber west hawwe, dy’t plakfûn hawwe yn de gemeente en dy’t om it Franekers, Biltsk of Frysk gongen. Bewenners of ûndernimmers meitsje like goed kâns as in gruttere (taal-)organisaasje. In saakkundige sjuery sil de nominaasjes beoardiele op orizjinelens. Kreativiteit en de reaksjes fan minksne op de aksje of it inisjatyf.
Nominearje kin troch in mail te stjoeren nei: g.dejong@waadhoeke.nl (Gerard de Jong, Meertalighydskoördinator Waadhoeke) û.f.f. ‘taalpriis’, en skriuw ús werom at jo taalaksje – of dy fan in oar – de priis fertsjinnet. Ynstjoere kin oant en mei snein 26 jannewaris 2025. Stjoer foaral ek wat mei om de nominaasje te stypjen, sa as foto’s, social media of berjochten út de parse. En wa wit, wint jo ynisjatyf yn febrewaris de tredde Taalpriis Waadhoeke!